Mole 't Lam is reemakke foar it meallen fan nôt en it pellen fan koarn.

Technysk: De mole is in stellingmole; in achtkante houtene boppekruier; in muontse-nôtmole. De kap en romp binne reiddutsen. De kap draait oer in kruierij mei 16 neuten. It sturtwurk is fan hout mei kruihaspel. De ûnderbou is mitsele. De stielen roeden binne 20 meter lang en âldhollânsk ophekke. De flaamske fang (rem) is foarsjoen fan in skoar en in fangstôk mei tomheak.
De mole hat twa stel mealstiennen; ien stel 16en natuerstiennen en ien stel 16en keunststiennen. De sleeploaierij is makke fan de eardere kammeloaierij. It asrêd (boppetsjil) hat 53 kammen en de bonkelder 26. It spoartsjil hat 91 kammen, it rûnsel natuerstiennen 28 stêven en it rûnsel keunststiennen 30 stêven.
De oerbring-ferhâldingen binne:
- wjukken-krús-natuerstien   1: 6,6
- wjukken-krús-keunststien  1: 6,2.

Wurking: De wjukke-as driuwt de keningsspil oan fia de bonkelder. De keningsspil is in fertikale as yn 'e midden fan de mole. Underoan de keningsspil sit it spoartsjil, dat op syn beurt de stienspillen oandriuwe kin. In stienspil is in fertikale as, dy't mei in mealstien (loper) ferbûn is. Dy mealstien draait oer de ûnderlizzende, fêste mealstien (lêger). De keningsspil soarget ek foar de oandriuwing fan de loaierij, in takel om de sekken nôt mei op te hysjen.

Skiednis: It earste begjin fan de mole is ûndúdlik. Yn 1580 wurdt op in 'Staat van Goederen' in 'wijndtmolen' neamd. Dy steat waard opmakke doe't der in ein kaam oan it karmelitekleaster yn Wâldsein; sûnt 1337 wie der in orde fan Karmeliten yn Wâldsein fêstige.
De hjoeddeiske mole is yn de twadde helte fan de 17de ieu boud as ferfanging fan in standermole. Fan de ierste skiednis fan de hjoeddeiske mole is likemin folle bekend. Y
n in advertinsje yn de Leeuwarder Courant fan 10 juny 1840 wurdt gewach makke fan de ferkeap fan "Een welbeklantenen en aanmerkelijk vertimmerden en veel verbeterden rogge-, tarwe-, pel- en mosterdmolen met molenhiem en jachthuis". Een unike kombinaasje!
Yn de 17de ieu waarden in protte skippen yn Wâldsein befoarriede foar fierre seereizen.
Grôt wie it iten by útstek om mei te nimmen oan board. Sûnder mis sil Mole 't Lam dêrby in wichtige rol spile ha. Deselde skippen namen op 'e weromreis út de Eastseelannen njonken hout en nôt ek mostersied mei, dat dan op de mole ferwurke waard ta moster.

Adres: Iepeningstiiden:
Molestrjitte 4Molen:               sneon 10.00-17.00
8551 NZ Wâldsein (Fr.) ek op ofspraak
T: 0514-591659 Winkel:         woansdei 13.00-17.00
E: info@molenhetlam.nl tongersdei freed snoen 10.00-17.00